
(NL vertaling onderaan pagina)
“Justerjûn siet ik op in lege tribune. Ik seach nei in repetysje fan in ferhaal op in lege iisbaan dêr’t it noait mear friest. Ik seach nei de moanne boppe my en tocht: foarich jier, dizze dei. In gewoane dei. Justerjûn seach ik nei in stikje dat earder myn libben wie.
Spylje, mei-inoar bouwe oan ferhalen oer libben, dea, fêsthâlde, loslitte…Gewoan, ferhalen fertelle. En dan thúskomme.
Jûn, in jier lyn, spile ik myn lêste foarstelling “Nacht”. Wie jûn, in jier lyn, de earste nacht fan in wike dat er net sliepe koe. Soe ik moarn om help sykje, soe ik letter dy wike mei pine yn’t hert in plak fine, dêr’t ik fan tocht dat it feilich wêze soe, soe ik oare wike, in jier lyn, myn leafste man dêr fine. Omkommen. Troch in selsûngelok. Soe ik foar it earst- en foar it lêst, raze.
En befrieze.
De dagen, de moannen, alle oeren dernei oant no en fierder binne as rin ik troch swiere klaai. Ik wit dat ik foarút sil. Foarút moat. Efter de bern oan.
Faak bliuw ik yn stilte stykjen. Oan de bûtenkant sjochst it meastentiids net oan my, tink ik.
It fielt krekt sawat as ús nije âlde pleats. Oan de bûtenkant stiet alles noch kreas. Oan de binnenkant alles derút slein. It fûnemint fuort. Der moast in stielkonstruksje komme om de boel byinoar te hâlden.
Ik learde, dat oer it ûnderwerp hast net te praten is. Zelfdoding. Jinsels tekoart dwaan. It stigma. Oardiel. De ûnhandigens. Ik tink dat ik dit dêrom diel mei wa’t it lêze wol.
Ik learde dat minsken dêr’t ik it net fan ferwachte nei my swijden. Dat swijen, dat fielde as wizen. Dat swijen dat as wizen fielde, dat die my sear.
Ik learde, dat as minsken it wol in bytsje besochten, ik sels net wist wat ik sizze moast. Om’t it te grut is.
Ik learde, dat ôfrûne jier, in pear minsken dêr’t ik it net fan ferwachte, myn hân beetpakten om my mei te nimmen. Stapke foar stapke.
En dat goefoelleazens it meast noflik wêze kin. Noait tocht.
Fan in frou dy’t earder foar tûzenen minsken ferhalen fertelde, spile, presintearre, wurde ik fan binnen in ferskronfele ferzje fan mysels. Doarde net nei skoalplein, winkel, fuotbalfjild. Alle feiligens fuort. Alle dagen op ‘e nij it gewoane libben leare. Heit & mem yn ien wurde. Ien mem wêze en bliuwe.
Wat bliuwt der fan dy oer, as alles dêr’tst op boust en fertroust yn ien klap ûnferwachts fuort is? Ast’ ynienen net mear by steat bist te razen, te gûlen, te fielen?
Justerjûn seach ik ûnder de moanne, fan in lytse ôfstân nei in stikje dat myn libben wie en fielde ik hoe’t dizze dei, foarich jier in begjin en in ein wurden wie, wylst dy moanne neat feroare liket. It wie in goed plak, dêr, op dy lege tribune.
***
Gisteravond zat ik op een lege tribune. Ik keek naar een repetitie van een verhaal op een lege ijsbaan, waar het nooit meer vriest. Ik keek naar de maan, boven me, en ik dacht: vorig jaar, deze dag. Een gewone dag.
Gisteravond keek ik naar een stukje van mijn gewone leven.
Spelen, met elkaar bouwen aan verhalen over leven, dood, vasthouden, loslaten…Gewoon, verhalen vertellen. En dan thuiskomen.
Vanavond, een jaar geleden, speelde ik mijn laatste voorstelling “Nacht”. Was vanavond, een jaar geleden, de eerste nacht van een week dat hij niet kon slapen. Zou ik morgen om hulp zoeken, zou ik later die week met pijn in mijn hart een plek vinden waarvan ik dacht dat dat veilig zijn. Zou ik volgende week (een jaar geleden) mijn liefste man daar vinden. Omgekomen door een zelfongeluk. Zou ik voor het eerst- en voor het laatst, schreeuwen.
En bevriezen.
De dagen, de maanden, alle uren daarna, tot nu en verder, zijn alsof ik door zware klei loop. Ik weet dat ik vooruit zal. Vooruit moet. Achter de kinderen aan.
Vaak blijf ik in stilte vastzitten.
Aan de buitenkant zie je het meestal niet echt aan me, denk ik. Het voelt een beetje als onze nieuwe oude boerderij. Van de buitenkant staat alles nog netjes. Aan de binnenkant alles er uit geslagen. Het fundament weg. Er moest een staalconstructie aan te pas komen om de boel bij elkaar te houden.
Ik leerde dat het heel moeilijk is om over dit onderwerp te praten. Zelfdoding. ”Jinsels tekoart dwaan” (jezelf tekort doen). Het stigma, het oordeel, de onhandigheid. Daarom deel ik dit denk ik, met wie het lezen wil.
Ik leerde dat mensen waarvan ik het niet verwachte, naar mij zwegen. Dat zwijgen, dat voelde als wijzen. Dat zwijgen dat als wijzen voelde, dat deed pijn. Ik leerde dat wanneer men het wel een beetje probeerde, ik zelf niet wist wat ik moest zeggen. Omdat het te groot is. Ik leerde dat afgelopen jaar, een paar mensen waarvan ik het niet verwachte, mijn hand vastpakten om me mee te nemen, stapje voor stapje.
En dat gevoelloosheid eigenlijk het fijnst is.
Nooit gedacht.
Van iemand die eerder voor duizenden mensen verhalen vertelde, speelde, presenteerde, werd ik van binnen een verschrompelde versie van mezelf. Durfde niet naar schoolplein, winkel, voetbalveld. Alle veiligheid kapot. Iedere dag opnieuw het gewone leven leren. Vader en moeder in één worden. Eén moeder zijn. En blijven.
Wat blijft er van je over, wanneer alles waarop je bouwt en vertrouwt in één klap onverwacht verdwijnt? Wanneer je ineens niet meer in staat bent om te schreeuwen, huilen, voelen?
Gisteravond keek ik onder de maan, vanaf een afstandje naar een stukje dat mijn leven was en voelde ik hoe die dag vorig jaar een begin en eind geworden was. De maan leek niets veranderd.
Het was een fijne plek, daar, op die lege tribune.”